Fryske jûn yn Warns

  • 12 september 2016
    20:30 - 22:30

INLOOP VANAF 20.00 UUR

Swalk yn De Spylder
Hâlde jo fan in gesellige Fryske jûn mei muzyk, dan hat Swalk no in moaie ôfwikseljende  jûn foar jo yn petto. Swalk is in projekt fan Tresoar yn Ljouwert. Swalk bringt de Fryske literatuer en kultuer by de minsken yn Fryslân. Mei in rige optredens troch Fryslân, mar ek op Twitter, Facebook en in webside (swalk.nl) wol Swalk de leafhawwers fan de Fryske taal en kultuer graach berikke.

Skerp ark
Swalk is in Frysk multymedia spektakel mei byld, lûd, muzyk en ferhalen. Dit jier is it tema fan Swalk  ‘Brieven’ omdat it Kadoboek ‘Neiskrift’, in brieveroman is. Marga Claus en Aggie van der Meer ha inoar brieven skreaun en dy binne opnommen yn it boek. De namme ‘Kadoboek’seit it al: dat krije jo kado by oankeap fan in Frysk boek. De muzyk tidens Swalk wurdt fersoarge troch de band ‘Wiebe’, besteande út Wiebe Kaspers, Florian den Hollander en Daan Slagter. Wybo Smids (û.o. bekend fan iepenloftspul Jorwert) hat de lieding fan de Swalkoptredens. Tidens alle optredens is der plak ynrûme foar in live optreden fan in Fryske skriuwer of keunstner. Moandei 12 septimber komt Swalk nei Warns yn De Spylder om 20.30 oere mei de skriuwer Popke Popma. Hy skreau de plysjeroman ‘Skerp ark’  dy’t yn 1944 spilet en wol dêr graach op dizze jûn mear oer fertelle.

Reizgje
Der is boekeferkeap fan Boeken fan Fryslân, sadat jo by oankeap fan in Frysk boek it Kadoboek ‘Neiskrift’ yn besit krije kinne. Op snein 18 septimber jildt it boek as ferfierbewiis tidens de Reisaksje. Jo hoege dy deis yn Fryslân yn bus of trein net yn te tsjekken, mar kinne it Kadoboek sjen litte. Ek it Aksjeboek foar bern ’Wapper’, jildt as jildich ferfierbewiis. Yn Grinslân jilde de boeken yn de Arriva treinen ek as ferfierbewiis.