Memmesiel – Sterke Froulju

  • 12 februari 2017
    15:00 - 17:00

Theater. Wêr giet it oer?

Fjouwer froulju yn de finzenis. Misdiedigers binne it. Lang straft. Se sitte der net foar wat kattekwea. Misdiedigers binne mear dan allinnich mar it gruwelike delikt dat se pleegt ha. Oer dat delikt ha se it ek net. It is mear de memmesiel dy’t harren by de strot hat en ek it publyk yn de tang hâlde sil. Der binne oangrypende sênes by. Memmen yn de finzenis. De memmen dy’t se sear dien ha. De memmen dy’t se mist ha yn harren libben of de memmen dy’t altiid klear stien ha. Oer skuld en skamte nei alle memmen dy fertriet ha om harren dochters.