Toanielselskip Warns spilet: Susters yn saken

  • 31 maart 2017
    20:00 - 22:00

Neffens de Van Dale binne:

  • Susters: leden fan in roomsk-katolike kongregaasje, roomsk-katolike oarde of roomsk-katolyk genoatskip fan froulike religieuzen.
  • Saken: handel, bedriuw, winkel

Froulike religieuzen begjinne tegearre mei harren freon pastor Breukelmans in nij bedriuw. Yn it kleaster wêr’t se libje is de krisis noch altyd te fernimmen. Hieltyd minder oanwas fan nije susters en hieltyd minder oandacht foar it kleasterlibben twinge de bewenners fan it kleaster om in hiele oare rjochting út te tinken.

Mei help fan de glêde projektûntwikkelder Jongeneel en flechtlinge Rianne wurdt it roer finaal omgooid, en nettsjinsteande wjerstân fan de aartsbiskop krije se it foar elkoar om it kleaster nij libben yn te blazen en hun eigen takomst feilich te stellen.

Susters yn saken… Amen!  

Spilers: Corrie de Vries, Anke Jacobi, Carla de Vries, Stans Lowie, Marcel van Vaals, Cornelis de Roos, Thea Stornebrink, Lia Bandstra.
Rezjy: Jolanda Verhoef, Hinke v.d. Meer. Technyk:  Bouwe Dijkstra