Frysktalich toaniel: Toanielgroep Sater mei ‘Wat dogge we mei mem’

  •  13 november 2022
     15:00 - 17:00

Skerp, werkenber en hilarysk

Rezjy: Janneke Kingma
Skriuwer: Joke van Balen
Oersetting: Agatha Hijlkema

Spilers: Margriet Jorna, Joke Kuperus, Joke van Balen
Hans Haan (bas), Meindert van Slooten (percussie), André Veenstra (toetsen), Bolke van den Berg (saxofoon)

In jûn troch de wike. Trije froulju út ien en deselde húshâlding komme by inoar. Harren mem is haljetrawalje yn it sikehûs bedarre. Ja, wat no? Wat dogge we mei mem? Dy fraach is de oanset ta in diskusje dy’t der net om liicht. De spanning nimt geandewei it petear ta en set de ûnderlinge relaasjes goed op skerp. Alle trije hawwe se, neist de dielde oantinkens oan mem én heit, elk ek har eigen ferhaal, mei belangen en langsten. Geandewei de jûn komt dat allegear as skerp soer nei boppen. In gleske wyn, wat nútsjes, tsiis en woarst; al hoe gesellich ek, de goede sfear slacht sadwaande folslein om yn in krisissituaasje. Ien en oar hat fan gefolch dat de froulju twongen wurde harren fêste patroanen en gewoanten los te litten. De fjouwer jonges fan de middelste suster, soargje geandewei de jûn foar in muzikaal tsjinlûd. De stipe dy’t dêrfan útgiet, is fan in folle gruttere needsaak as dat de froulju yn ‘t foar tocht hiene.

Reserveren via info@toanielgroepsater.nl     entree € 12,50

Reacties zijn gesloten.