Binnenkort Skippersfroulje – Sippy Tigchelaar | Ferteljûn

  • Sippy Tigchelaar
     20 maart 2026
     20:00 - 22:00
     De Spylder

Mei ferhalen oer: Skippersfroulje oan board fan skûtsjes en binnenfeartskippen.

Oer de binnenfeart binne al in soad boeken skreaun. Oer hoe’t de froulju oan board fan skûtsjes en oare binnenfeartskippen de skipperij belibben is folle minder bekend. Dochs hat har rol fan ûnskatbere wearde west. Foar it boek “Schippersvrouwen – Verhalen boven water” lieten Sippy Tigchelaar en Alice Booij fyftjin froulju oan it wurd dy’t it farrende gesinslibben noch meimakke hawwe. Heech tiid, want harren generaasje waard hieltyd âlder.

Op it skip brocht de skippersfrou har bern op ‘e wrâld. It gesinslibben spile him ôf yn in lytse roef: op in pear kante meter waard der sean, iten, de wask dien en boarten de bern. Meastal wie de skippersfrou ferantwurdlik foar de boekhâlding en it ûnderwizen fan ‘e bern. As de skipper help nedich hie, stie se ek har mantsje. Se stjoerde it skip, hise de seilen en liet se sakje, rûn yn ‘e beage en holp by it oanlizzen.

Details Prijs Aantal:
Sippy Tigchelaar €7,50 EUR  

Reacties zijn gesloten.