Toaniel: PIER 21 mei “Wat Soesto!”

  • PIER 21 mei “Wat Soesto!”, ynkl. 1 Konsumpsje
    17 januari 2021
    15:00 - 16:30

Freark Smink hie in djippe winsk nochris in persoanlike foarstelling te skriuwen. Nei trije jier ûndersykjen, praten en prebearjen is it him slagge mei `Wat soesto!’. Hy hat in yndringend portret skreaun fan in hjoeddeiske boer yn in bysûndere famylje, mei basearre op eigen ûnderfiningen.

`Ik bin in boeresoan. Myn pake wie boer, myn heit wie boer en ik bin it. Dêr bin ik grutsk op. Niks mear, niks minder. Ik ha wolris lêzen dat je as bern je eigen âlders útsykje. As dat sa is, dan ha ik raar yn ’e war west. Myn mem is okee. Dy besiket altyd te skipperjen en hat in hekel oan rúzje. Mei myn heit is dat oars,’ neffens Frans yn `Wat soesto!’.

Frans, de haadpersoan út `Wat soesto!’ wit noch goed hoe’t er as jonge langút yn it gers lizze koe tusken de blommen en nei de fûgels harke. Wat wie er grutsk dat er boeresoan wie! Under de strange hân fan syn heit learde er sels boer te wurden. Dat wie net altyd maklik, al hoe goed syn mem besocht de mannen te heinen en te kearen. Letter as frij boer krijt Frâns te meitsjen mei easken fan oerheid en mieningen fan jan en alleman. De iene maatregel nei de oare maatskiplike diskusje, men soe jin skamje noch langer boer te wêzen. Wylst syn mem op de achtergrûn har eigen libben besiket te lijen, lit Frâns syn situaasje troch him omgean. Hy hat gjin perspektyf, mar hy wol ek net ophâlde. Wat soe er moatte? Wêrom seit de maatskippij net helder wat sy fan de boeren ferwachtsje, sadat er lang om let wer grutsk wêze kin dat er boer is?

Under de regy fan Jos Thie spilet Freark Smink sels de boer en Klaasje Postma syn mem. Nei `De Emigrant’, `Feteranen’ en `It wie op in simmerjûn’ is der op ‘e nij in bysûndere foarstelling fan Pier21 dy’t troch de hiele provinsje spylje sil! Op dit stuit wurdt `Wat soesto!’ oanbean oan de doarpshuzen en teaters yn Fryslân. Wilens binne al tritich foarstellingen fêstlein

Tekst: Freark Smink
Spul: Freark Smink en Klaasje Postma
Rezjy: Jos Thie
Produksje: Pier21
Fotografy: Jan Bensliman
Foarmjouwing: Okkinga Communicatie

De priis is €21,50 ynklusief 1 konsumpsje

Details Prijs Aantal:
PIER 21 mei “Wat Soesto!”, ynkl. 1 Konsumpsje €21,50 (EUR)   Uitverkocht

Reacties zijn gesloten.