-
29 februari 2020
20:00 - 22:00
Freed, sneon 28 en 29 febrewaris 2020 – twa ienakters oer memmen en dochters en har leafde foar elkoar, dy’t bliuwt
Memmen en dochters
In twa sênes, dy’t tagelyk spile wurde, wurdt der praten oer de heit. Oan de iene kant sjoche we de soarchsume mem, dy’t har 20 jierrige dochter yn de stringen besiket te hâlden. Oan de oare kant is der in soarchsume dochter, dy’t it dreech hat mei har mem, dy’t justjes yn ‘e bernskens is. Der wurd socht nei antwurden; fan doe en no.
In stik fan fleur en fertriet fan A. Grijseels, Fryske oersetting fan Piter M. Renia.
De erfenis
Iris wie destiids in hippy en is dat, ek neidat se mei in rike man troude, har fierdere libben bleaun. Dit ta grutte ergernis fan har dochters. Dan komt Iris te ferstjerren en kinne de dochters de erfenis opstrike. Der wachtet har lykwols in ferrassing.
In komyske en tagelyk in oandwaanlik ienakter fan Aneeke Iseger, Fryske oersetting fan Siep Jorna.